Dijksma: mear Frysk op skoalle

20 jan 2009 - 21:16
  • Steatssiktaris Sharon Dijksma (PvdA)

Steatssiktaris Sharon Dijksma (PvdA) is ree om te ynvestearjen yn de kwaliteit fan 'e Fryske les op de basisskoalle. Dijksma hat dat tiisdei sein tsjin foarsitter Gerrit Ybema fan it Konsultatyf Orgaan. Dit orgaan advisearret it Ryk oer it taalbelied.

It Frysk is foar Dijksma ûnderdiel fan de kwaliteitsaginda, dy't alle fakken yn it basisûnderwiis op in goed nivo bringe moat. Dijksma sil begjin febrewaris mei de provinsje prate om konkrete ôfspraken te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)