Dijksma: "Fosfaatrjochten foar boeren"

03 jul 2015 - 12:42

It moat wetlik festlein wurde hoefolle fosfaat boeren produsearje meie. Dat fynt steatssiktaris Sharon Dijksma fan lânbou. Us lân hat te krijen mei in dongoerskot en om't der no gjin molkkwotum is, krije wy allinnich mar mear kij en jarre. En dat is wer min foar it miljeu.

De bedoeling is dat melkfeehâlders aanst saneamde fosfaatrjochten krije. Per bedriuw wurdt dan besjoen hoefolle dong der produsearre wurde mei. LTO Noard lit witte bliid te wêzen oer dit beslút, mar deputearre Johannes Kramer is kritysk.

Hy seit dat dit plan goed is foar de Brabântske boeren, mar dat de Fryske boeren hjir minder oan hawwe. Op 1 septimber nimt de Twadde Keamer in beslút oer dit plan fan Dijksma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)