Dijkhuizen yn basis by Cambuur

07 feb 2008 - 17:56

Marinus Dijkhuizen mei freedtejûn wer ris yn de basis begjinne by Cambuur. De Ljouwerters spylje thús tsjin Top Oss. Om't Jurjen Bosch blesseare is krijt Dijkhuizen de kâns. Ek Chris de Wagt is blesseare. De Snitser is sa'n twa wiken útskeakele mei in blessuere oan it ankel.

Fierder kin trainer Jurrie Koolhof net beskikke oer de al langer blessearen Marc Mboua en Sandor van der Heide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)