Dijkhuizen stiet op 99

02 feb 2007 - 12:03

Cambuur-spits Marinus Dijkhuizen sil freedtejûn besykje om syn hûnderste goal yn it betelle fuotbal te meitsjen. Dat moat dan barre yn en tsjin Emmen. Dijkhuizen skoarde earder al 30 kear foar Cambuur en makke ferline wike syn earste wer neidat er oerkaam fan Excelsior.

Cambuur spilet jûn de twadde wedstriid yn de fyfde perioade en moat eins winne fan 'e Drinten, dy't dan trije op rige ferlern hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)