Dijk yn Munnikebuorren: 900man

31 maaie 2009 - 13:08
  • De Dijk yn Munnikebuorren (foto: Lenus van der Broek)

It optreden fan de band De Dijk yn Munnikebuorren luts sneon sa'n 900 besikers. Under harren wie ek in hûnderjierrige fan fan de band. It konsert waard organisearre troch fuotbalferiening WVC. Dy fuotbalklup hat gjin ynkomsten út eigen kantine en organisearret dêrom al fyftjin jier konserten foar de eigen klupkas.

It konsert waard yn goeie banen laat troch in team fan 40 frijwilligers. De Dijk joech sneontejûn trije kear in tajefte yn Munnikebuorren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)