Digitale skoalbuorden Frjentsjer

11 okt 2006 - 09:51

De iepenbiere skoallen yn de gemeente Frjentsjerteradiel gean oer op digitale skoalbuorden. Stifting Radius, de oerkoepeljende organisaasje foar it basisûnderwiis yn dy gemeente, wol der tweintich oanskaffe.

By de les kin sa maklik gebrûk makke wurde fan ynternet, filmkes en tal fan oare saken. Ien fan de klassen dy't al wurket mei sa'n digitaal boerd is groep 5 en 6 fan de Tamsmaskoalle yn Tsjommmearum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)