Digitale fotopeal foar flitser

25 okt 2007 - 17:27
  • In digitale flitspeal

By De Folgeren yn Drachten stiet de earste digitale flitspeal fan Fryslân. De nagelnije fotopeal flitst lykwols net, mar makket mei in ynfrareadkamera opnames fan ferkear dat te hurd rydt.

It is de bedoeling dat ynkoarten alle âlderwetske flitspeallen yn de provinsje plakmeitsje foar de digitale opfolger. De ferwurking fan it digitale materiaal giet in stik flugger en de bekeuring foar te hurde riders falt earder op 'e matte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)