Digitaal skoalplein by Stenden

20 okt 2008 - 17:53
  • De site fan Stenden University

De 11.000 studinten fan 'e Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert kinne tenei te plak op in spesjaal digitaal skoalplein. Op it skoalplein op ynternet kinne se mei elkoar chatte, in weblog meitsje of e-maile.

Sa moat it foar de studinten makliker wurde om yn de kunde te kommen mei studinten fan oare Stenden-skoallen yn binnen en bûtenlân. De Stenden-studinten binne ferspraat oer acht festigingen ûnder oaren yn Grins, Meppel, Bangkok en Quatar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)