Digitaal doarpshûs foar Boerum

24 jan 2013 - 20:00
  • Digitaal doarpshûs yn Boerum

Boerum hat as earste doarp yn Nederlân de beskikking oer in eigen digitaal doarpshûs. It is in spesjale webside, dy't allinnich tagonklik is foar de eigen ynwenners. Op de side binne ferskate tsjinsten bondele, dy't net mear yn it doarp sels te finen binne.

Sa is der in loket fan de gemeente, kin der fia in byldferbining praten wurde mei de húsdokter en kinne der meikoarten boeken opfrege wurde by de biblioteek. Ek kinne de Boerumers elkoar op de side om help freegje by putsjes yn en om it hûs.

De webside is in proef yn opdracht fan de gemeente Kollumerlân, de provinsje en de Europeeske Uny. Sy sjogge dit as mooglik antwurd op it ferlies fan foarsjenningen yn krimpgebieten. Mocht de proef in sukses wurde, dan is it de bedoeling om op meardere plakken yn Fryslân, Nederlân en Europa digitale doarpshuzen op te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)