Dieverij yn kampearpleats

04 maaie 2008 - 15:09

De plysje ûndersiket de besite fan in stel ynslûpers op in kampearpleats oan de Tiemen Boelenswei op It Amelân. Om likernôch twa oere nachts waard in ynwenner (18) fan Deventer wekker om't er in soad leven hearde.

Hy seach hoe't in ûnbekende man in mobile telefoan, twa I-Podboksen en toiletartikels pakte. Dêrnei ferdwûnen de ynslûpers gau. De plysje waard fuortdaliks fia 112 warskôge, mar koe se net mear fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)