Dieverij út winkel Snits

21 sep 2010 - 10:14

Trije manlju binne moandeitemoarn yn Snits oanhâlden, fanwege stellerij yn in winkel oan it Normandiaplein. In meiwurker herkende ien fan har as de fertochte by in oare winkelstellerij en warskôge syn kollega's.

Op kamerabylden seagen se dat de trije manlju tassen folsmieten mei guod en dêrnei by de kassa allinnich in blikje frisdrank ôfrekkenen. Personiel hâlde de manlju oan en hat se oan de plysje oerdroegen. It gie om Litouwers fan 16, 19 en 25 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)