Dieven trappearre op It Fean

07 nov 2010 - 14:32

Twa froulju binne sneon op It Hearrenfean foar stellerij oppakt. Winkelpersoniel seach dat de froulju út Wolvegea (23) fan It Hearrenfean (47) guod yn har klean stoppen. By de kassa fregen se oft de froulju har bûsen en tassen leech helje woene. Der kamen 21 produkten, mei in wearde fan in pear tientsjes.

Se bekenden en joegen it guod werom. De plysje hat de froulhy foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)