Dieven stelle sigaretten út supermerk Drachten

20 nov 2015 - 10:20

Twa minsken hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed ynbrutsen by de Albert Heijn oan it Kiryat Onoplein yn Drachten en it sigaretteskap leechhelle. De ynbraak is te sjen op kamerabylden fan de winkel.

De sigaretten ha se yn read mei wite pûden dien. De twa binne útnaaid op in bromfyts. De iene dief droech in spikerbroek en in lichtbrune jas. De twadde dieder hie in swarte trui oan en in grize joggingbroek fan it merk Adidas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)