Dieven stelle nep-fjoerwurk

17 des 2004 - 09:55

By in ynbraak yn it fjoerwurkfabryk Elementum FX yn Wolvegea tochten ynbrekkers woansdeitenacht in grutte slach te slaan. Mar yn stee fan echt fjoerwurk namen de dieven in grutte partij dummys mei. Dat is nep-fjoerwurk dat brûkt wurdt om op te stellen yn etalaazjes.

Neffens eigner De Vries is it fersin gau makke om't de dummys hast net fan it echte fjoerwurk te ûnderskieden binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)