Dieven stelle foar 7000 euro oan apparatuer by Asteriks

08 jul 2015 - 20:14
  • Poadium Asteriks

Poadium Asteriks yn Ljouwert is ferline wike bestellen fan sa'n 7000 euro oan apparatuer. It giet om materialen lykas in beamer, fersterkers en eardoppen. Koen Haringa fan it poadium is bot oandien troch de stellerij.

Grutte gefolgen hat it neffens him lykwols net, mar it giet wol om in soad jild. Neffens Haringa stienen de materialen ferspraat oer in grutte romte. Hy ropt minsken op goed te sjen op websiden lykas Marktplaats. It kin wêze dat it guod dêr oanbean wurdt. Op de side fan Asteriks stiet in list mei it stellen guod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)