Dieven stelle eigen bút opnij

24 jan 2012 - 12:07
  • plysjeburo Drachten

Trije Poalske dieven dy't yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden wiene, hawwe nei't se frijlitten binne fuortendaliks harren bút dy't yn beslach naam wie op 'e nij stellen. De mannen sieten fêst op it buro yn Drachten, nei 't se by in sloper op 'e Gordyk katalysators stellen hiene.

Harren buske mei de 30 stellen katalysators stie op it parkearterrein fan it plysjeburo. Nei't se frijlitten wiene, hawwe se in diel fan de bút út it buske stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)