Dieven slane ûnder de preek ta

30 okt 2006 - 17:11

Yn Frjentsjer binne profesjonele fytsedieven oan it wurk. Se slane ta ûnder tsjerketsjinsten. Dûmny Dondorp warskôget yn it tsjerkekrantsje foar de dieverij.

De dieders ride mei buskes by de tsjerke del en lade de fytsen yn. Dat is it ôfrûne jier al in pear kear bard. Dûmny Dondorp is lulk en teloarsteld dat fytsen sels by tsjerken net feilich binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)