Dieven slaan by tjerken ta

20 okt 2014 - 17:21

Stichting Alde Fryske Tsjerken is it ôfrûne healjier al seis kear slachtoffer wurden fan stellerij fan de koperen tongerlieders. Koperdieven wienen de ôfrûne moannen aktyf by de tsjerken yn Britsum, Sint-Anne, Jorwert en Sint-Jabik. Foarige wike waard ek de tongerlieders fan de tsjerke yn Holwert stellen. It kostet de stichting Alde Fryske Tsjerken tûzenen euro's, wylst de dieven mar inkelde tsientallen euro's krije foar it koper.

Direkteur Gerhard Bakker ropt minsken op om de plysje te warskôgjen wannear't se wat fertochts sjogge by de tsjerke yn harren doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)