Dieven pakt mei help burgernet

29 jan 2009 - 09:53
  • Op de site wurdt ferslach dien fan alle aksjes

De plysje hat woansdei mei help fan ferskate Ljouwerters fjouwer dieven oppakke kinnen. De fjouwer waarden fertocht fan it stellen fan kentekenplaten en in autoynbraak yn Heechterp yn Ljouwert. Om de fjouwer oanhâlde te kinnen, skeakele de plysje de help yn fan Burgernet.

Dan wurde minsken opbelle troch de meldkeamer en frege út te sjen nei de fertochten. As se wat sjogge, kinne se belje mei de meldkeamer. Mear as 2148 minsken waarden ynskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)