Dieven oppakt yn Frjentsjer

27 feb 2008 - 09:56

Twa Poalske dieven binne tiisdei nei in achterfolging oppakt yn Frjentsjer. It stel hie earder dy moarn ynbrutsen yn in hûs yn Mullum. Se waarden trapearre en naaiden doe hurd út yn in auto. De plysje krige fan in tsjûge it kenteken fan 'e auto troch en koe de ynbrekkers yn Frjentsjer oanhâlde.

Mei ynset fan in plysjehûn waard in part fan it stellen guod weromfûn. De auto fan de dieven is yn beslach naam. Dy wie stellen yn Grins, die bliken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)