Dieven op tiid pakt

27 jul 2008 - 17:47

De plysje hat sneon in 26-jierrige Jouster en in frou fan 21 jier út Londen oanholden foar stellerij. Tsjûgen hiene sjoen dat de fertochten fytsen besochten te stellen fan it terrein fan in garaazjebedriuw oan it Beurtskip. Ek soene se de beurs fan in 33-jierrige meiwurker stellen hawwe.

De fertochten waarden troch meiwurkers fan it bedriuw fêstholden en oan de plysje oerdroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)