Dieven oanhâlden yn Wolvegea

30 des 2006 - 10:31

De plysje hat freed fjouwer minsken oanholden foar winkelstelderij en oplichterij. It giet om twa manlju út Delfsyl en Assen en twa froulju út de Drintse haadstêd.

De fjouwer ha tassen fol guod út ferskate winkels stellen. Se koene oppakt wurde nei't in tsjûge se oan it wurk sjoen hie yn twa winkels yn Wolvegea. De fertochten sitte noch fêst. Sy soene út noch folle mear winkels guod stellen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)