Dieven nimme minykraan mei fan parkearterrein Appelskea

26 nov 2015 - 12:54

De plysje yn Appelskea siket tsjûgen fan de stellerij fan in lytse giele kraan. Dy is woansdeitenacht meinaam fan it parkearterrein by de fuotbalfjilden oan de Boerestreek.

It giet om in minykraan fan it merk New Holland. De kraan stie op in oanhinger, dy't ek stellen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)