Dieven naaie út nei ynbraak, mar ferjitte eigen fyts

05 des 2015 - 09:00
  • De ynbrekkers fergetten harren eigen fyts doe't se útnaaiden

Twa persoanen binne sneontemoarn betiid trappearre wylst se besochten yn te brekken yn in bedriuwsbus yn Ljouwert. De plysje wie gau teplak, mar de ynbrekkers wiene doe al útnaaid. It achterrút fan it buske wie ynslein. 

Neffens tsjûgen binne de fertochten flechte fia de achtertunen yn de strjitte, fia sketten en de dakken fan túnhúskes. 

Fytsen
Beide fertochten hawwe fermoedlik harren fyts efterlitten. De plysje hat dizze fytsen yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)