Dieven mei pûden op 'e rêch

14 feb 2008 - 10:03

Yn in winkel oan De Terp yn Wommels is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsen. Tsjûgen seagen om kertier foar fiven minsken yn 'e winkel. Net folle letter naaiden dyselde minsken út mei pûden op 'e rêch.

De plysje ûndersocht fuortendaliks de buert om de winkel hinne, mar fûn de ynbrekkers net. It ûndersyk giet fierder. Wat krekt út de winkel stellen is, moat ek noch fierder útsocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)