Dieven kompjûterûnderdielen pakt

19 des 2000 - 11:41

De plysje hat in grutte stellerij fan kompjûterûnderdielen op It Hearrenfean oplost. Tusken febrewaris 1999 en juny 2000 is út in distribúsjesintrum foar 800.000 gûne oan spul stellen.

In Grouster (25) hat it guod stellen en ferkocht oan in Lemster (31), dy't it wer trochferkocht. Der binne noch seis oaren oanhâlden. De plysje hat mar in lyts part fan it stellen guod weromfûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)