Dieven betrape yn Aldeboarn

23 aug 2014 - 15:10
  • Ynbraak

Twa Hearrenfeansters fan 39 en 51 jier binne sneontemoarn trappearre doe't se ynbrutsen op in boat oan de Braksdyk yn Aldeboarn. Tsjûgen seagen de manlju op de boat en bellen de plysje. Tsjin de plysje ferklearren de fertochten dat se oan it fiskjen wienen, mar út ûndersyk die bliken dat de twa ynbrekkersark en drugs by harren hienen. Ek is guod fûn dat út de boat stellen wie.

De eigener fan de boat moat noch oanjefte dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)