Dieven aktyf yn De Tynje, meardere huzen leechrôve

22 feb 2016 - 08:57
  • Ynbraak

Yn De Tynje is it ôfrûne wykein op ferskate plakken ynbrutsen. In tal wenningen op De Volharding en de Farskewei binne trochsocht. De dieven ha benammen sieraden en jild meinaam.

Minsken dy't yn De Tynje wat fertochts sjoen ha it wykein, wurde fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)