Dieven aktyf op carpoolplakken

17 jul 2014 - 10:52

De plysje warskôget foar ynbrekkers yn auto's dy't op carpoolplakken steane. It giet benammen om de carpoolplakken lâns de A6 en A7 by Boalsert, De Lemmer, Eastersee en Sint Nyk. Foaral bedriuwsauto's en buskes wurde oerdeis iepen brutsen. Woansdei is noch guod stellen út in bedriuwsauto op it carpoolplak by de McDonald's op 'e Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)