Dieven achterfolge en pakt

21 jul 2010 - 11:10

In meiwurker fan in winkel op It Hearrenfean hat tiisdei mei de plysje fjouwer Roemenen oanhâlden op fertinking fan stellerij. De meiwurker seach dat de fjouwer besochten klean en skuon te stellen.

Doe't se de winkel út wiene, gie de meiwurker derachter oan. De plysje waard warskôge en koe de Roemenen al gau oanhâlde. Se hiene de klean en skuon noch by har. It guod en de auto fan de mannen is yn beslach naam. De fertochten binne 23, 24 en 26 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)