Dieveduo op 'e died betrape yn Ljouwert

04 jan 2016 - 15:19

De plysje hat sneintejûn by in bedriuwsgebou oan de James Wattstrjitte yn Ljouwert twa manlju fan 19 en 25 jier út dy stêd op 'e died betrape by in ynbraak. De plysje krige in melding fan de ynbraak en koe it duo by it bedriuw oanhâlde. Se binne meinaam nei it buro foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)