Diermoal op definsjeterrein

30 jun 2001 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac moat it diermoal mar opslaan op definsjeterrein, seit deputearre Mulder. It Ryk is dan ferantwurdlik foar de mooglike gefolgen. De bulte diermoal wurdt hieltyd grutter, want sûnt de BSE-krisis mei it net mear fierder ferwurke wurde.

Rendac Burgum ferbaarnt de kadavers fan BSE-kij. Omwenners binne benaud foar sykten troch de útstjit en de opslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)