Dierenrecht: mear ferfolging

25 jun 2007 - 19:16

De stifting Dierenrecht fynt dat der mear feehannelers ferfolge wurde moatte foar mishanneling fan fee op de feemerken fan Ljouwert en Utrecht. Op yn it geheim makke opnames fan de stifting is te sjen hoe't feehannelers op de feemerken ûnder oaren kij mishannelje mei stokken. De stifting stapte mei de opnames nei justysje.

De rjochter hat moandei twa feehannelers boetes oplein. Der wurde net mear minsken ferfolge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)