Dieremishanneling yn Menaam

12 jun 2010 - 15:00

In 32-jierrige man út Menaam hat in bon krige foar dieremishanneling. By him thús yn 'e keuken waard in slim fermeagere hûn fûn dy't yn syn eigen stront lei. Yn hokken achter yn 'e tún leine trije deade fûgels. Sa'n fyftjin oaren libben noch. Dy binne yn beslach naam troch de dierenbescherming.

De plysje wie tipt troch in meiwurker fan in elektrisiteitsbedriuw, dy't de hûn lizzen seach. De Menamers is foar ferhear meinaam nei it plysjeburo. Dêr hat er proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)