Dieredei wichtich foar opfang

04 okt 2010 - 07:12
  • Skylpodden yn de opfang yn Goaiïngaryp

Foar bisteopfangynstellingen is 4 oktober in wichtige dei. Omdat it bistedei is, is der folle mear omtinken foar it lot fan bisten dy't dumpt binne of om oare reden net mear by de eigner bliuwe kinne.

It Schildhûs yn Goaiïngaryp is ien fan de ynstellingen dy't dieredei oangrepen hat foar in fancyfair om jild yn te sammeljen. Yn It Schildhûs wurde 300 skylpodden en tal fan oare bisten opfongen. De opfang wurdt betelle mei jild fan donateurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)