Diere-ambulânse rydt wer

21 jul 2008 - 13:53

De diere-ambulânse yn Ljouwert hellet wer deade bisten op. De organisaasje wie dêr mei ophâlden om't de gemeente Ljouwert gjin kostendekkende fergoeding foar it wurk joech.

Benammen troch de heger wurdende brânstofprizen koe it opheljen fan de bisten net mear út. De gemeente hat de fergoeding no oanpast. Dat jildt oant 1 jannewaris 2009. De kommende tiid wurdt in regeling betocht foar nei dy datum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)