Diemers ôfwêzich tsjin Veendam

30 sep 2012 - 13:02
  • SC Cambuur

Mark Diemers kin moandei net mei Cambuur spylje tsjin Veendam. De middenfjilder is blesseare. Yuri Rose, Martijn van der Laan en Johnny de Vries kinne ek noch net spylje. Fierders is de Cambuurseleksje folslein.

Trainer Alfons Arts sit rom yn de fleugeloanfallers. De trainer woe noch net sizze wa't der moandei yn de basis begjint. "Dat wil ik eerst met de selectie bespreken voor ik het ga communiceren met de pers", sa sei Arts. Melvin de Leeuw hat lêst fan in skuorde lippe. Mooglik begjint Adnane Tighadouini dêrom yn de basis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)