Dieltiid-WW hâldt te betiid op

09 des 2009 - 06:40

De regeling foar dieltiid-WW is foar Fryslân te betiid begûn en hâldt ek te betiid op. Dat seit Renate Westdijk fan it Mobiliteitssintrum Fryslân. De ekonomyske krisis is yn Fryslân letter begûn as op oare plakken, mar rint hjir ek langer troch. Dizze wike waard bekend dat minister Donner de regeling foar dieltiid-WW noch ferlingt oant 1 april 2010.

Mei de regeling kinne bedriuwen har meiwurkers tydlik minder wurkje litte yn in perioade fan minder opdrachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)