Dielsertifikaten Cambuur

18 nov 2011 - 10:42

5500 supporters fan Cambuur krije dizze dagen in oprop troch de bus om foar fyftich euro in part fan in saneamd Cambuur sertifikaat te keapjen middels supportersferiening De Kern van Cambuur. De klup jout sels sertifikaten út fan tûzen euro en dy wurde troch de supportersferiening opslitst yn dielsertifikaten. Sa kinne der folle mear minsken dielnimme en wurdt de klup holpen. De aksje rint oant 1 jannewaris.

De supportersferiening krijt troch de dielsertifikaten mear ynfloed op it belied fan Cambuur. Der komme yn de takomst lykwols gjin aparte gearkomsten foar hâlders fan dielsertifikaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)