Dielname oan lanlik ICT-projekt

04 mrt 2005 - 12:51

Fjouwer Fryske gemeenten meie meidwaan oan in lanlik proefprojekt fan it ministearje fan Binnenlânske Saken. It giet om It Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel. Dat is tongersdei bekendmakke op in sympoasium yn Utrecht.

Doel fan it projekt is om út te finen hoe't nije ICT-tapassings de tsjinstferliening ferbetterje kinne. Sa kinne je yn 'e takomst mooglik út 'e hûs wei in paspoart oanfreegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)