Dielname Knegt oan OS ûnwis

20 jan 2014 - 14:46
  • De winst fan An en de middelfingers fan Sjinkie Knegt

It is noch net wis oft Sjinkie Knegt op de Olympyske Spelen meidwaan mei op de 500 meter. Knegt waard snein op it EK yn Dresden diskwalifisearre, omdat er nei de finish de middelfingers opstuts. Knegt hat spyt fan syn aksje. Neffens Knegt is it foar him noch net dúdlik oft it konsekwinsjes hat foar syn dielname oan de 500 meter.

Knegt syn maat en ploechgenoat Daan Breeuwsma wie der snein ek by. Hy seach mei fernuvering nei de aksje fan Knegt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)