Diel 'Zandt aan Zee' ticht

13 jun 2014 - 11:17
  • Gastekeamer fan 'Zandt aan Zee' op Skiermûntseach

De gemeente Skiermûntseach hat it gasteferbliuw fan strânhotel 'Zandt aan Zee' sletten. De brânfeiligens wie net yn oarder. De gasten binne op in oare lokaasje ûnderbrocht. De gemeente seit sels dat it in swiere maatregel is, mar seach gjin oare opsje mear. Der heart in brânmeldynstallaasje yn it hotel te wêzen, mar dy is der net.

Petearen mei de ûndernimmer en it oplizzen fan twangsommen hat neat opsmiten. 'De feiligens fan de gasten mei nea yn gefaar komme', sa seit de gemeente.

De fiif gasten krije fan de gemeente alternatieve akkomodaasje oanbean, ek al hoecht dat net. Der wurdt al mear as in jier besocht de eigner sa fier te krijen dat hy wol foldocht oan de regels en der binne ek rjochtsaken oer fierd dy't de gemeente wûn hat. Der binne nei alle gedachten ek noch gasten fan it strânhotel nei it eilân ûnderweis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)