Diel spoarbrêge komt werom

25 jun 2009 - 13:21

In diel fan de âlde spoarbrêge oer de Harnserfeart yn Ljouwert komt werom. De brêge waard yn 2008 sloopt. In diel fan de âlde draaibrêge is bewarre bleaun. Dit is opknapt en wurdt freed weromset.

De brêge wie ûnderdiel fan it Dokkumer Lokaeltsje, de spoarline tusken Ljouwert en Dokkum. De lêste trein ried yn 1997 oer it spoar. In grut part fan it spoar is doe fuorthelle

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)