Diefstallen Drachten oplost

06 aug 2003 - 00:00

Mei de oanhâlding fan in 35-jierrige man út Drachten hat de plysje santjin saken oplost. Hy wurdt fertocht fan dieverij yn wennings, auto's en winkels.

De plysje kaam de man op it spoar doe't hy guod stelle woe út in winkel yn Drachten. In fideokamera registrearre dat. De man hat ûnder mear cd-spilers, klean en bankpaskes stellen. Wat de krekte wearde is fan it stellen guod is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)