Dief Wolvegea alwer oppakt

01 mrt 2012 - 11:59
  • Oanhâlden

In bekende ynbrekker fan de plysje yn Wolvegea is woansdei opnij oanhâlden. De 18-jierrige man wurdt derfan fertocht twa fytsen út in net ôfsletten garaazje fan in hûs oan de Willem III-wei stellen te hawwen.

Plysjes stelden neidat oanjefte dien wie in buertûndersyk yn. It sinjalemint dat buertbewenners joegen kaam bot oerien mei dat fan de bekende 'veelpleger'. By de wenning fan de man waarden dan ek de twa stellen fytsen oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)