Dief trappearre by ynbraak Dokkum

08 mrt 2015 - 10:30

In 25-jierrige man út De Westereen is sneontemiddei trappearre by in ynbraak yn Dokkum. De plysje waard belle doe't in tsjûge seach dat twa mannen in gebou oan de Stasjonswei yngienen. It duo besocht út te naaien doe't de plysje kaam. Ien koe ûntkomme, de Westerener is oanhâlden. Yn it gebou fûn de plysje twa kroaden fol mei boumaterialen. De auto fan de man is yn beslach naam foar ûndersyk.

De plysje siket nei de twadde fertochte, in man fan 1.80, ljocht koart hier, in blauwe spikerbroek en in griis fest. Tsjûgen kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)