Dief stelt út plysjewein

05 des 2010 - 12:34

De plysje yn Drachten hat dit wykein te krijen hân mei brutale dieven. De plysje wie earst drok mei it oanhâlden fan in man út Oerterp (18) dy't mei in sniebal in rút fan in hoarekasaak fernield hie. Wilens gongen twa oare manlju yn de plysje-auto sitten.

Doe't de plysje weromkaam, stapten sy út. In plysje spruts har oan. Der ûntstie in fjochtpartij mei ien fan de mannen. Uteinlik waard de fertochte (47) út Drachten oanhâlden. Hy hie in GSM út de plysjewein stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)