Dief sliept yn stellen bus

01 jun 2013 - 10:23

De plysje hat in 53-jierrige man út Feanwâlden oanhâlden nei't dy in bestelbus stellen hie. In plysje seach de bus tongersdeitejûn stean yn Drachten en kontrolearre it kenteken. It die bliken dat de bus stellen wie. De sjauffeur naaide út.

Mei in boargernetaksje waard de bus fûn op de Kraenlanswei yn De Feanhoop. Plysjes fûnen de sjauffeur sliepend yn de bus. De man is oanhâlden. Yn de bus stie ek in stellen fyts. De bus en fyts binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)