Dief slacht plysje yn Ljouwert

13 jan 2008 - 17:25
  • "Dief slacht plysje yn Ljouwert"

In Ljouwerter (30) is sneontemiddei oanholden nei mishanneling en dieverij. Om twa oere hinne waard er by in winkel oan it Saailân betrape op it stellen fan in flesse drank.

Doe't de plysje him fêstpakte om him mei te nimmen, luts er him los en rûn fuort. Even letter waard er oantroffen op it Saailân. By syn oanholding sloech er in plysje, wêrtroch dy tsjin de flakte gong. Hy gong boppe-op him sitten en joech him noch mear klappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)