Dief op fyts lit byldskerm falle

27 maaie 2005 - 11:45

Yn Ljouwert is woansdei in dief ûntkommen mei in kompjûter-byldskerm ûnder de earm. Om de apparatuer meinimme te kinnen, hie er in rút ynsmiten mei in bakstien. Hy ried dêrnei op de fyts oer de Emmakade. Yn de Gysbert Japicxstrjitte liet de man it byldskerm falle en wist er fierder te ûntkommen. Hy is tusken de tweintich en tritich jier en hat donkerblond koart krolhier en in smel oant normaal postuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)